|
|
5 febrewary om 13:40 |
|
Wat un mňnstermoaie dach om un erfenis te ferdelen. Of om ouwe ladekasten fol met foto's, kranten, ansichtkaarten en andere 'snypsnaren' te skiften. Ut earste hew ik nyt deen, ut tweede wel. Kom wear prachtege dingen teugen. Ik hew un kňp fol met herinneringen. Mar bin nyt mankelyk. Krech krekt dizze foto fia de mail fan Sjack Jansma binnen. Un moai sfearfol plaatsje fan de Hillside gistermiddach.
Terwyl wij op de Hillside staan loopt maat Josse de Haan over ut straan fan Hendaye. Ut plak an de Fraans Baskise kust. Josse en ik maile regelmatech met mekaar. We maile over literatuur over Fryslaan over...ja overal over. Josse syn leefweareld siet der heel anders út as mines, mar oans belevingsweareld is faak gelyk. Dizze foto kocht Josse fan un swerver. Ut binne saanskulpturen, dy't maakt binne deur un swerver. Ik kan de foto nyt skerper krije en ut formaat is ok wat anders as anders. Dit staat in Josse syn mail ( ik mocht dizze digitale brief op myn dachboek sette! ).
" SWALKERS
Wy hawwe hjir in pear swervers dy't der wol ris wat byfertsjinje. Ien begun mids desimber mei de krystfigueren - de stal, jezus, keningen, ensfh. Hy sliepte dernjonken, ek by 4 graden, yn in tintsje. En sammele jild. No hat er allegearre arabyske sjeiken en oare figueren mei lang hier en lange broeken makke. Hy hat foto's fan de rigen, en ferkeapet dy oan de lju. Hy sei tsjin my: "Biddelje mei net, mar dit kin wol. Allinne, letter moat ik belesting betelje fan wat ik ferkeapje.'' Doe gniisde er. Hy koe DANK U WEL sizze. Sokken witte eksakt hoe't se it ha moatte. Ik haw der wol respekt foar. Ik rin elke dei oer it stran - achter de figueren lans, oan de seekant. Dat stran is 5 km lang, en it jout jo heel wat yndrukken. Fergelike mei de simmer is it no stil. In stikmannich lju lykas ik, in bytsje binne op 'n paad mei dit kalde waar (5 graden is kald foar Fransken). Op de achtergrun fan de foto sjochst de Atlantyske oseaan, en de 2 grutte rotsen - les deux jumeaux (de twaling). it is it offisjele einpunt fan de Pyreneeen.
Golle groet, Josse "
Ik sal aansens naar Heerenveen-ADO ( út Den Haach ). Bin benijd ňf Mark de Vries ok met doët. |
|