dagboek > overzicht
Dagboek ňktober 2017Bekiek hele maand 
 
29 ňktober om 12:31
 
Boek Harm van der Meer





Snits- It libben fan dirigint, muzykmaster en minskeman Harm van der Meer (Bantegea, 1940) spile him ôf tusken de skoallen, koaren en orkesten, tusken jonge en âlde minsken, yn doarp en stęd, en yn it iepen fjild. De minsken en de muzyk joegen him genôch stof om in tal űnferjitlike ferhalen en anekdoates op te skriuwen, dy't yn dizze bondel sammele binne.

Yn de wurden fan Hylke Speerstra: 'Optredens mei Harm van der Meer as ynspirator op de bok hiene faak bysűndere mominten. Der kamen mominten dat de wurdearring it applaus foarby gie. Dan foel der yn in grutte katedraal allinne mar in stilte, kearde Harm him nei de tahearders, seach harren yn de wiete eagen en sei er: ''Jim hawwe it begrepen.'' Syn rispinge kin ryk neamd wurde. Gelokkich hat er dęr, yn beskiedenheid mar mei gefoel foar anekdotyk, in kostber dokumint oer skreaun. Dęryn blykt er ek noch in master-ferteller te węzen.'

De sfearfolle swart-wytfoto's fan Henny van den Berg meitsje it ferhaal kompleet: in portret fan in markante man mei in kleurryk libben.

It boek is útjűn troch Uitgeverij Bornmeer