|
|
2 november om 19:51 |
|
Aldste dichter fan Fryslân Jelle Zwart (1926-2019) ferstoarn
Ofrűne tiisdei is de âldste dichter fan Fryslân, Jelle Zwart, ferstoarn. Hij wenne yn Snits en hat ferskate kearen yn dizze stęd optreden. Zwart syn frou Elisabeth Zwart-de Vries, ferstoar earder dit jier. It echtpear kaam altyd tegearre op literęre byienkomsten.
Hjirűnder Zwart syn skriuwersbiografy sa’t dy te lëzen stiet op https://www.sirkwy.fr
Libben en wurk
Jelle Zwart is yn Ljouwert berne, mar groeide op yn Dokkum. Tidens syn stúdzje sosjology yn Grins kaam er yn dy stęd oan it wurk by it Grinzer Provinsjaal Opbou-orgaan.
Yn 1968 waard er haad fan it Bureau Landelijk Contact yn Ljouwert, űnderdiel fan it ministearje fan CRM (Cultuur, Recreatie en Maatschappelijk werk), letter WVC (Welzijn, Volksgezondheid en Cultuur). Neidat it bureau Ljouwert hiel wat reorganisaasjes oerlibbe hie, waard it mei yngong fan 1 jannewaris 1988 oerbrocht nei Grins. Zwart hat doe noch in pear jier by de direksje Jeugdzaken oan ’e slach west.
Njonken syn wurk hat er him altyd foar tal fan maatskiplike en kulturele organisaasjes ynset; hy wie űnder oaren lange jierren lid fan it Algemien (A.B.) en Deistich (D.B.) bestjoer fan de Fryske Akademy. Fierder makke er diel út fan it bestjoer fan it Frysk Festival en wie er oant syn 70ste foarsitter fan de Fryske Folkshegeskoalle Schylgeralân. Dęrneist sette er him as bestjoerder en as frijwilliger yn foar it âldereinwurk.
As dichter kin Jelle Zwart mei rjocht in letbloeier neamd wurde. Yn 2004 debutearre er mei it fers Dyn lytse flecht yn de Fryske Skriuwerskalinder en datselde jier wűn er de Rely Jorritsma-priis mei it fers Inkel sân. Hy debutearre op 79-jierrige leeftyd mei de bondel Sân skeppen sâlt (2006) by útjouwerij Frysk en Frij. Foardat se nei Snits ferhuzen, wenne Zwart, mei syn frou Elizabeth de Vries, yn de pastory te Deinum. Yn dy tiid skreau er in tal fersen, mar ambysje om se út te jaan hie er net. Neidat er him weromlutsen hie út syn bestjoerlike funksjes begűn er him mear mei it dichtsjen dwaande te hâlden. Hy folge in trijetal kursussen skriuwen fan poëzy; earst by Remco Ekkers, dęrnei by Albertine Soepboer en as lęste by Tsjębbe Hettinga. Dy kursussen en it winnen fan de RJ-priis ynspirearren him om troch te gean mei dichtsjen. Fan ôf 2004 stiene geregeld fersen fan syn hân yn literęr tydskrift Hjir en yn ynternet tydskrift Farsk.
Syn debútbondel befettet 100 fersen. De titel Sân skeppen sâlt, stiet foar de tema’s taal, it lân, it stee, it folk, it eigen, it skôgjen en it węzen. Ynspiraasje fűn de dichter yn it lânskip, oantinkens út it ferline, de fergonklikens fan it libben en yn de keunst. Dat er midden yn de aktualiteit stiet lit er sjen mei it gedicht oer de tsunami O Azië, dat ek yn de bondel opnaam is.
Yn 2017 ferskynde de bondel Fandele mei gedichten oer űnderwerpen as it lânskip, de natuer en it âlder wurden. Geart Tigchelaar [1] seach in bondel fan wikseljend nivo, węrby't de earste gedichten him it meast oansprutsen. Elmar Kuiper [2] seach dat wikseljende nivo ek: 'In strangere seleksje hie in noch sterkere bondel opsmiten'. Likegoed hie er in soad wurdearring foar de gedichten. Hy priizget Jelle Zwart syn feardigens yn sawol it frije fers as sonnetten en haikű's: 'Zwart dichtet linich en geef oer de krupsjes fan it âlder wurden, it bernlike, de maatskippij en oer it skriuwen sels.'
Boarnen foar dit stik [1] Geart Tigchelaar, Ensafh 16-12-2017 (fideobesprek fan de bondel Fandele) [2] Elmar Kuiper, LC 01-12-2017 WURK Poëzy 2006: Sân skeppen sâlt 2009: De wite hoed 2017: Fandele Prizen 2004: Rely Jorritsma-priis (fers: Inkel sân)
|
|