dagboek > overzicht
Dagboek september 2016Bekiek hele maand 
 
28 september om 18:51
 
Nij boek Koos Tiemersma





Nei’t ein foarich jier syn roman ‘Einum’ bekroand waard mei de Gysbert Japicxpriis, publisearret Koos Tiemersma űnder syn pseudonym Froon Akker no syn achtste boek. Sechstjin ferhalen dy’t mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel ‘Ik bedoel mar!’ yn in nutedop. It binne ferhalen dęr’t minsken yn konfrontearre wurde mei de ferrassingen dy’t it bestean yn ’t fet hat. Faak lykje it mar űnskuldige foarfallen, lykas in busreis troch de Pyreneeën oer wegen dy’t like smel binne as dat de bus breed is of in jongkeardel dy’t in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der dan achter komt dat neat is wat it liket. De toan yn de ferhalen is licht holden, humor en earnst geane hân yn hân, krekt sa’t it yn it ‘echte’ libben ek gean kin.

Bysűnder is dat dit boek in garânsjeregeling hat: net goed, jild werom! Dizze ferhalebondel wurdt publisearre as e-boek en is sawol yn it Frysk as it Nederlânsk te besetten op www.froonakker.nl, de side fan de skriuwer. Dęr is ek fergees in proefeksimplaar mei ien fan de ferhalen del te laden.