dagboek > overzicht
Dagboek ňktober 2016Bekiek hele maand 
 
20 ňktober om 12:52
 
‘De Frouljusslachterij’, wrâldpremjęre Teater Snits





Snits- Op 24, 25 en 26 novimber spilet toanielferiening Teater Snits yn it Theater oan de Westersingel de wrâldpremjęre fan it stik ‘De Frouljusslachterij’ fan Ilja Gort. It is in stik dat bewurke is troch Ilja Gort sels, makke fan syn eigen boek en de oersetting is fan Anja Steegstra. It stik stiet űnder rezjy fan Theo Smedes.
“Nea bang węze foar manlju, froulju binne slimmer”. Dizze lijfspreuk wurdt troch fjouwer froulju yn in lyts Frânsk doarpke op bysűndere wiize kręft bijsetten. As de slachter fan it doarp stjert, nimme syn dochter en har ivich eameljende man de saak oer.

Dit is it begjin fan in rige dramatyske foarfallen, lugubere incidenten en romantyske misferstannen dy’t it libben yn it doarpke foargoed feroarje sille. Dit Roald Dahl-eftige ferhaal fertelt wat der bart as fjouwer froulju it rjocht yn eigen hân nimme!

Foar kaarten en fierdere ynfo: sjoch www.teatersnits.frl of de Facebooksite fan Teater Snits.

UPDATE

Anja Steegstra hat it stik net allinne oersetten, mar de bewurking is ek fan har! Eare wa't eare takomt!