|
|
30 ňktober om 19:55 |
|
Literęre bonbon fan Hylkje Goďnga yn fraaie ferpakking!
Wat in aardige ferrassing lei der ferline wike bij mij op’e doarsmatte, in prachtich foarmjűn bondeltsje met tsien ferhalen fan Hylkje Goďnga ( 1930 – 2001) . Net de twa kear in hânfol ferhalen ferrasten mij, dy koe ik al en ik haw gelokkich al har wurk, mar it omslach.
Dat is nammentlik makke troch Hylkje Kroon, in beppesizzer fan de skriuwster. It is werklik prachtich wurden! It silhouet fan Hylkje Goďnga yn bedrukte stikjes papier en folslein mei de seefűgel. Oait fertelde se mij dat wannear’t der in libben nei de dea węze soe, sij as seemok weromkomme mocht. Op de roukaart stie ek in ôfbylding fan in seefűgel.
Douwe Kootstra, hij siet jierren lang mei de skriuwster yn de redaksje fan ‘De Strikel’, hat ‘tsien fan Hylkje’ har ferhalen útkeazen. “Net dé tsien fan Hylkje. Nee, gewoan tsien moaie ferhalen dy’t karakteristyk binne foar har oeuvre”, sa skriuwt Kootstra yn it foaropwurd fan it bondeltsje dat bij de Afűk útkaam is.
Wannear, oh wannear soe al har sammele wurk no ris útjűn wurde, mei in deeglike ynlieding? It proaza fan Hylkje Goďnga heart ta it bęste fan wat de Fryske literatuur te bieden hat.
|
|